ÛNTWEITSJE – ik wol myn frijheid mei dy diele
Ferjou my myn tekoartkommings. Yn de betizing fan de tiid
makke ik my fergees skuldich, bruts in hert, brocht lijen.
Net by steat de skjintme fan it libben te sjen,
fereaske wanhope myn koerts.Nochteren en wach leare oer de betsjutting fan tsjinrampen,
iepenbiere myn hert syn heimnis. Beskûle efter maskers fan leechte,
baarnt hieltyd in hillich fjûr van ljocht, krêft en leafde.
Foarby deltwingen en ûnkunde kom ik wer oerein,
neaken en ferjou.Yn it each fan ‘e stoarm libje ik myn eigen ferhaal.
Net beswyke en krêftiger as ea,hieltyd mear mysels.
Yn ferbining mei de natoer
iepenje reewillegens en wiisheid nije paden fan bestean.Tankber foar fearkrêft en groei
draach ik unbaatsuchtich herten op hannen
en jubel in lofsang foar de leafste.
Ek al wurd ik krusige,
yn dit ûntweitsjen kin ik wrychtich wêze.– happy van der heide
Textielkunst: een kwetsbare ouverture in de archetypische symfonie van verlossing en heling.
Materiaal: Merinowol, zijde, verbandgaas, (gerecyclede) garen, spelden, veiligheidsspeld, bakpapier met ecoprint, zirkonia
Afmeting: 60 x 60 cm.